Behear fan jo webside of webwinkel

Alle websiden dy't wy meitsje wurde levere mei de brûkersfreonlike Moune Manager, it Content Management Systeem (CMS) fan Moune. Dat wol sizze dat de layout en it stramyn fan de webside troch ús neffens it ûntwerp makke wurde, mar de ynhâld (tekst en ôfbyldings) kin ienfâldich troch jo as brûker sels ynfolle wurde. 

It behearsysteem is sa ynrjochte dat jo allinnich te krijen hawwe mei de funksjes dy't jo webside hat. It behear is dêrtroch tige ienfâldich. Dit yn tsjinstelling ta in protte iepen-boarne systemen wêrby't it behear net spesifyk ôfstimd is op jo webside (mar algemien) wêrtroch't it systeem faak tige yngewikkeld is. Ek biede Open Source websiden nochal wat haken en eagen as de updates en de juste plugins net byhâlden wurde, mar ek it ynstellen fan back-ups is net standert ynbegrepen en moat regelmjittich bywurke wurde. By ús systeem hawwe jo hjir gjin problemen mei, wy nimme jo al dy soarch út hannen.

 

SEO | sykmasine optimalisaasje

In basis webside bestiet út in thússide en ferfolchpagina's. Dêrneist is sykmasine optimalisaasje / SEO in ûnderdiel fan ús basis webside.

Mei de module SEO (Search Engine Optimalisation) wurdt jo webside optimalisearre foar sykmasines. Dit hâldt yn dat jo webside technysk sa yninoar set wurdt dat sykmasines as Google jo webside optimaal kinne besjen en yndeksearje. Mar...it wichtichste om goed fûn te wurden yn Google binne jo sels! Jo moatte soargje dat jo de webside foarsjoch fan safolle mooglike relevante ynformaasje. De Moune Manager rikt jo de mooglikheden oan.

 

Oanfollingen

De basis webside of webwinkel kin mei ekstra modules útwreide wurde. Tink in oan it publisearjen fan jo webside yn meardere talen, of hâld jo klanten op de hichte troch regelmjittich nijsbrieven te ferstjoeren. In online aginda en reservearringsmodule kin ek handich wêze as jo in restaurant, salon of fakânsjehûs hawwe dêrfoar reservearre wurde kin. Ek dat heart ta de mooglikheden. 

 

Nijsbrief Reservearringssysteem

Eigen Content Management Systeem

Wy wurkje mei in eigen Content Management Systeem en hoste ús websiden sels op eigen servers. Underhâld, updates, backups en service sitte by ús websiden altyd ynbegrepen. It bouwen en ûnderhâlden fan websiden is in ynvestearring, mar wy soargje derfoar dat jo webside altyd by de tiid is. Feilich, funksjoneel en stabyl. Wy hawwe bewust keazen foar in eigen systeem en gjin iepen boarne pakket.

 

Wêrom gjin Wordpress?

As startende ûndernimmer kenne jo miskien wol immen dy't in webside foar jo yninoar sette kin tsjin lytse kosten. Dat is fansels moai, mar it is wol wichtich dat jo goed witte wêr't de side yn opboud wurdt en hoe't it ûnderhâld hjirfan is. Miskien dat jo de hosting sels regelje moatte en hawwe jo wolris tocht oan it bywurkjen en ûnderhâlden fan iepen boarne systemen? Wordpress is fansels in platfoarm dat wrâldwiid brûkt wurdt en wêryn't in protte mooglikheden sitte. Njonken design en content management is it updaten tige wichtich. In protte ûndernimmers steane hjir net by stil en binne yn earste ynstânsje bliid mei harren nije webside. Lykwols as der dêrnei neat mear oan dien wurdt dan sil it gau berchôf gean mei jo webside.


Wat jo witte moatte oer Wordpress websiden

Om mei jo WordPress webside suksesfol te bliuwen, is regelmjittich ûnderhâld en it meitsjen fan backups essinsjeel. As jo dit net dogge geane de funksjonaliteit, stabiliteit en net hielendal ûnbelangryk de feiligens ferlern. Boppedat kin in WP side hackt wurde as de updates net ynstallearre binne. Of stel jo foar dat jo resultaten yn Google ynienen ferdwine. It ûnderhâlden fan WordPress is in lestige klus om te dwaan en ken ek risiko's. It ûnderhâlden omfettet nammentlik mear as allinnich de knop “bywurkje” oan te klikken en in plugin ynstallearje. As jo net witte wat jo dogge, kin it ferkeard útpakke. Koartsein in komplekse matearje as jo der sels gjin kaas fan iten hawwe. Meitsje dêrom dúdlike ôfspraken mei dejinge dy't de webside foar jo makket oer it ûnderhâld.

 

Troch ús jierrenlange ûnderfining en mei yntusken tsientallen websiden yn ús behear soargje wy foar in útsûnderlike hosting, ûnderhâld en service en hawwe jo dêr sels gjin omkijken nei.

Kontaktformulier

Stel dyn fraach en wy nimme kontakt mei dy op. As jo jo gegevens ynfolje dan moatte jo akkoard gean mei ús Privacyferklearring. 

Sintraal gelegen

 

Us reklameburo is fêstige yn Akkrum op in sfearfolle lokaasje, tichtby Ljouwert en Hearrenfean. Moai sintraal gelegen, midden yn Fryslân. Akkrum leit op koarte reistiid fan Ljouwert en is per trein en auto tige goed te berikken. 

 

Binne jo nijsgjirrich nei ús kantoar en wat wy foar jo betsjutte kinne? 

Nim kontakt op foar de mooglikheden.

Adres en kontakt

 

Moune Reclame & Webdesign

It Vegelinskampke 2

8491 PD Akkrum

 

Telefoan: 085-20 10 230

E-mail: info@moune.nl