Hosting
Neist it ûntwerpen en bouwen fan websiden biede wy ek de byhearrende tsjinsten oan as webhosting en mailhosting.
Om in webside op it ynternet te setten binne der in oantal dingen nedich.
Earst is in adres, in saneamde domeinnamme, needsaaklik. Dêr kinne de besikers dyn side fine. Dêrneist is der romte nedich om de ynformaasje op te setten, dit wurdt webhosting neamd.
Wy beskikke oer in eigen Cloudplatform dêr't wy dyn webside of webwinkel op hostje. Hjirby biede wy ferskate hostingpakketten oan, ôfhinklik fan de kapasiteit dy't dyn webside nedich hat. Ek de lisinsjekosten foar it brûken fan de Moune Manager en de regelmjittige updates en tsjinst binne hjirby ynbegrepen.
Webhosting
Webhosting is it oanbieden fan romte foar it opslaan fan dyn webside. Us eigen Cloudplatform biedt hjirfoar allerhanne mooglikheden, oanpast op dyn situaasje.
Nim foar mear ynformaasje en prizen kontakt mei ús op.
Mailhosting
Mailhosting biede wy oan yn de foarm fan Hosted Exchange. Dizze emailhosting bart online en hjirby jouwe wy in 99,9% uptime garânsje. Hosted Exchange is útsoarte geskikt om oeral tagong te hawwen ta dyn emails, aginda en kontaktpersoanen. Ek kinst dizze foarm fan e-mail ienfâldich oernimme op dyn tablet, I-pad en smartphone.












