Resinsjes op dyn webside
Erfaringen fan klanten
Op it ynternet is it lestich om josels of dyn bedriuw te ûnderskieden. Do witst dat dyn produkten of tsjinsten fan hege kwaliteit binne, mar hoe komt dat op it ynternet nei foaren? Beoardielingen fan klanten, oftewol "resinsjes" op dyn webside, binne dan in moai ark om josels better op de kaart te setten. Resinsjes soargje derfoar dat dyn bedriuw betrouber oerkomt en dêrmei dat websidebesikers rapper kieze foar dy. Dêrneist soargje se foar in gruttere sichtberens yn de sykresultaten (ûnderdiel fan structured data).
Resinsjes kinne in protte foardielen mei har meibringe.
- Fynberens // Resinsjes hawwe in oandiel yn de ranking fan lokale sykresultaten. Google sjocht hoe posityf de resinsjes binne. By de bepaling fan in posysje sille in protte positive resinsjes dus ek soargje foar in bettere posysje yn de sykmasine.
- Minsken klikke rapper troch nei dyn webside // In skoare yn de foarm fan stjerren soarget foar mear sichtberens yn Google. It jout dyn bedriuw yn de sykresultaten ek in bettere útstrieling. Dit alles soarget derfoar dat der faker nei dyn webside trochklikt wurdt. Dit neamst de "Click-To-Rate" ôfkoarte CTR. In bettere CTR is in wichtige stap nei in hegere konverzjeratio (it persintaazje besikers op dyn webside dat oergiet ta it winske doel).
- Ferbettering konverzjeratio // Hast elkenien lêst earst de resinsjes op websiden fan lokale bedriuwen. Mei goede ûnderfiningen fan oaren op dyn webside soargest dat de besiker fertrouwen kriget en se dus earder kieze foar dyn bedriuw.
Hoe sammelest resinsjes?
Der binne meardere manieren om resinsjes te sammeljen: fia in ynboude ark op dyn webside en/of fia Google Myn Bedriuw.
By ús websiden kinst derfoar kieze om de "resinsjetool" ynbouwe te litten. Klanten kinne fia in formulier op dyn webside in beoardieling en oantal stjerren oanjaan. Do kinst dêrom dyn klanten triggerje om in beoardieling efter te litten. Mei help fan rich snippets kinne wy derfoar soargje dat de stjerren nei foaren komme yn dyn sykresultaat. Ek in foardiel is dat de resinsjes op in moaie manier toand wurde op dyn eigen webside.
Dêrneist kinne resinsjes ynfolle wurde by GOOGLE MYN BEDRIUW. Besikers kinne rjochtstreeks resinsjes efterlitte yn Google. Hjir hast lykwols net folle kontrôle oer en it is mar de fraach oft minsken dit út harsels snel sille dwaan. Google nimt dizze resinsjes wol mei yn de beoardieling en sykresultaten. It is sowieso oan te rieden om dyn bedriuw ek oan te melden by Google Myn Bedriuw. Dizze resinsjes steane los fan it systeem dat oan de webside keppele wurdt.