Hosted Exchange
Hosted Exchange is in tige betroubere manier fan online e-mailhosting en soarget foar in 99,9% uptime garânsje. Jo hawwe dus altyd en oeral de beskikking oer al jo e-mails, aginda en kontakten.
Wy kinne jo dizze garânsje jaan om't alle servers redundant (dûbel) binne útfierd. Wannear't ien server dus net berikber is, wurdt syn taak automatysk troch in oare server oernommen.
Dêrneist is it hiele platfoarm foarsjoen fan in firewall en wurde alle e-mails beskerme troch in antivirus en in anty-spam filter, wêrtroch't jo feilige en (hast) gjin ûnwinske e-mails mear ûntfange sille. Wannear't jo meardere brûkers hawwe, kinne jo ek jo aginda's en kontakten mei elkoar diele.
Hosted Exchange wurdt levere mei in online e-mailprogramma dat in protte oerienkomsten toant mei Microsoft Outlook.
Wolle jo leaver jo e-mail yn Outlook op jo PC of Mac ûntfange? Ek dit is gjin probleem. Jo krije fan ús in hantlieding hoe't jo dit foar elkoar krije kinne. Wannear't jo gjin lisinsje foar Outlook hawwe, kinne jo dy by ús foar in lyts bedrach lease.
It is sels mooglik om jo e-mail, aginda en kontakten op jo iPhone, telefoan of PDA binnen te litten kommen. Ek foar de Blackberry hawwe wy hjir in oplossing foar.
In brûker krijt standert 4 GB oan skiifromte en is keppele oan 1 útgeand e-mailadres.
Kosten Hosted Exchange
De kosten foar in Hosted Exchange account bedrage € 80,- per útgeande e-mailadres. In Outlook lisinsje bedraacht € 36,- per jier.
Alle neamde prizen binne eksklusyf BTW









