Wa't wy binne

Studio Moune is in lyts buro yn Akkrum, oprjochte troch Frouwkje en Wietse. Tegearre kombinearje wy kreativiteit en technyk: de iene sterk yn foarmjouwing en kommunikaasje, de oare yn webdesign en hosting. Sa folje wy inoar perfekt oan.

Us wurkwize

Wy leauwe yn koarte linen en persoanlik kontakt. As jo ús belje of maile, prate jo direkt mei de minsken dy't oan jo projekt wurkje. Dat skilt tiid en soarget derfoar dat wy jo fraach goed begripe.

 

Alles regele

In protte klanten wurdearje dat se alles by ús kwyt kinne. Fan it ûntwerp fan in logo of brosjuere oant de bou fan in webside en de hosting derachter. Wy regelje it hiele trajekt en soargje dat jo nearne om hoege te sjen.

Us plak yn Fryslân

Wy wurkje fanút Akkrum, midden yn Fryslân. Tichtby en belutsen by de regio, mar ek foar klanten bûten Fryslân goed berikber. Us oanpak is nuchter en praktysk: gjin grutte wurden, mar gewoan goed wurk dêr't jo op fertrouwe kinne.

Kontaktformulier

Stel dyn fraach en wy nimme kontakt mei dy op. As jo jo gegevens ynfolje dan moatte jo akkoard gean mei ús Privacyferklearring. 

Sintraal gelegen

 

Us reklameburo is fêstige yn Akkrum op in sfearfolle lokaasje, tichtby Ljouwert en Hearrenfean. Moai sintraal gelegen, midden yn Fryslân. Akkrum leit op koarte reistiid fan Ljouwert en is per trein en auto tige goed te berikken. 

 

Binne jo nijsgjirrich nei ús kantoar en wat wy foar jo betsjutte kinne? 

Nim kontakt op foar de mooglikheden.

Adres en kontakt

 

Moune Reclame & Webdesign

It Vegelinskampke 2

8491 PD Akkrum

 

Telefoan: 085-20 10 230

E-mail: info@moune.nl