Ynteressant?

Organisearje jo foarstellings of eveneminten en kostet de kaartferkeap jo no in soad hânwurk? 

Wy sjogge graach mei hokker stappen jo automatisearje kinne.

 

Kontakt opnimme

Fan ticketferkeap oant tagong

Foar ferskate organisaasjes hawwe wy in ticketsysteem ûntwikkele dat de online kaartferkeap, it behear fan bestellingen en de tagongskontrôle gearbringt. Besikers bestelle ienfâldich harren kaarten, wylst de organisaasje it hiele proses fanút ien systeem beheart. Dat besparret tiid en foarkomt ûnnedich hânmjittich wurk.

 

Ienfâldich bestelle en beheare

Besikers bestelle en betelje harren kaarten rjochtstreeks fia de webside fan de organisaasje. Nei betelling ûntfange se automatysk harren digitale tickets mei in unike QR-koade.

Fia ús eigen behearsysteem Sulver kin de organisaasje bestellingen en tickets weromfine, de ferkeap folgje en yndien nedich tickets opnij ferstjoere. Sa binne alle gegevens oersichtlik op ien plak beskikber.

 

Snelle kontrôle by de tagong

By binnenkomst wurde de QR-koades ienfâldich skend mei in mobile telefoan. It systeem kontrolearret direkt oft in ticket jildich is en net earder brûkt is. Ek is sichtber hoefolle besikers al yncheckt binne.

Sa ferrint de tagongskontrôle soepel, sûnder papieren listen of hânmjittige registraasje.

 

Yntegrearre yn de eigen webside

It ticketsysteem wurdt yntegrearre yn de besteande webside en ynrjochte foar it betreffende evenemint. Besikers bestelle harren kaarten op in fertroude plak, wylst de organisaasje efter de skermen mei deselde gegevens wurket.

In praktyske maatwurkoplossing dy't it hiele proses, fan bestelling oant tagong, ienfâldiger en oersichtliker makket.

Grafysk ûntwerp

Advertinsjes, folders & brosjueres

Webdesign

Styfûl en funksjoneel

Logo-ûntwerp

Nij logo of re-styling logo

En mear...

Auto, spandoeken, bewegwijzering ensfh