In profesjonele webwinkel

Ynternet wurdt foar in protte bedriuwen in hieltyd wichtiger kanaal om produkten en tsjinsten te promoatsjen, mar ek om te ferkeapjen. Minsken dogge hieltyd faker fanút de luie stoel harren oankeapen fia ynternet.

 

Yn de ôfrûne jierren hawwe wy ús hielendal talein op it ûntwikkeljen fan webwinkels.

 

Foarbylden fan webwinkels dy't wy makke hawwe:

 

Technyk

Alle webwinkels dy't wy meitsje wurde keppele oan ús eigen behearsysteem: Moune Manager (Content Management Systeem).

De Moune Manager is sa ynrjochte dat it oanmeitsjen fan produkten en kategoryen hielendal troch dy as brûker sels dien wurde kin. It keppeljen fan produktkleuren, priisfariaasjes en foarrieden is ienfâldich. Op maat kinne der noch spesifike produktkenmerken tafoege wurde. Dêrneist is it ôfhanneljen fan bestellingen hielendal ta te spitsen op de winsken fan de klant.

 

Pakkettsjinst 

Ferstjoerst dyn pakketten mei in transporteur? Yn de Moune Manager kinst orders ôfhannelje wêrtroch't de klant automatysk in mail krijt mei in track&trace nûmer. Hjirmei kin de klant syn pakket online folgje. Wy kinne keppelings meitsje tusken de webside en it systeem fan de transporteur (lykas PostNL, GLS, DHL).

 

De mooglikheden fan ús webwinkels binne tige útwreide en net yn in pear sinnen te beskriuwen. Asst ynteressearre bist yn dit produkt dan kinst kontakt mei ús opnimme sadat wy dy in foarbyldwebwinkel sjen litte kinne mei útwreide taljochting.

Portfolio

Kontaktformulier

Stel dyn fraach en wy nimme kontakt mei dy op. As jo jo gegevens ynfolje dan moatte jo akkoard gean mei ús Privacyferklearring. 

Sintraal gelegen

 

Us reklameburo is fêstige yn Akkrum op in sfearfolle lokaasje, tichtby Ljouwert en Hearrenfean. Moai sintraal gelegen, midden yn Fryslân. Akkrum leit op koarte reistiid fan Ljouwert en is per trein en auto tige goed te berikken. 

 

Binne jo nijsgjirrich nei ús kantoar en wat wy foar jo betsjutte kinne? 

Nim kontakt op foar de mooglikheden.

Adres en kontakt

 

Moune Reclame & Webdesign

It Vegelinskampke 2

8491 PD Akkrum

 

Telefoan: 085-20 10 230

E-mail: info@moune.nl