In nije webside
3 webpakketten
Ofhinklik fan jo winsken oer ynhâld, yndieling en funksjonaliteit hawwe jo de kar út 3 pakketten om in nije webside meitsje te litten.
1. One-page-webside
Dizze webside is ienfâldich, stylfol, betrouber en fan goede kwaliteit, en dat ek nochris tsjin in oantreklike priis! Mei in koarte trochrintiid kinne wy in moaie one-page webside foar jo opsette. Wy tinke mei oer de winske útstrieling, ynfolling en yndieling.
2. Sulver webpakket
Sulver is it websidepakket fan Moune, boordefol opsjes en funksjonaliteiten wêrmei't jo yn koarte tiid in komplete webside mei meardere siden opsette kinne. Troch de handige tools kin alles nei winsk ynsteld wurde: kleuren, logo, fotosliders, grids, fotoboeken, formulieren ensfh. It systeem is keppele oan ús eigen behearsysteem en is tagonklik sadat it mooglik is foar de klant om sels it behear te dwaan. Om't in Sulver-webside yn seksjes op te bouwen is sjocht elke side der eigen en unyk út. Sulver is responsyf en dêrtroch goed lêsber op alle apparaten. De foardielen fan it wurkjen mei in Sulver-webside binne de útwreide opsjes (binnen it stramyn fan de template), de snelheid, prestaasjes, back-ups en it up-to-date bliuwen.
Koarte trochrintiid
In oar foardiel fan it ynsetten fan de 1-page-webside en it Sulver webpakket is de snelle trochrintiid. Kieze jo foar in 1-page webside dan kin jo webside binnen 2 wurkdagen online stean. Ofhinklik fan beskikbere teksten en byldmateriaal. Faak stypje wy by it kiezen fan de juste bylden of selektearje wy stockfoto's dy't passe by de organisaasje. Ek it redigearjen of oanfoljen fan oanlevere teksten kinne wy op ús nimme. Hawwe jo nij byldmateriaal nedich of wolle jo teksten skriuwe litte foar de webside? Ek dat kin, mar hat fansels wol ynfloed op de trochrintiid. Yn ús netwurk hawwe wy tekstskriuwers en fotografen dy't wy hjirfoar ynsette kinne. In foarbyld fan fotografy op lokaasje by it bedriuw binne:
Soarchsintrum it Bildt en Salarisburo Hofstee en Kruisinga
3. Maatwurk
It uterlik fan de webside moat passe by jo organisaasje. Wolle jo mear as ús basis webpakketten? Om't wy mei in eigen systeem wurkje is (hast) neat ûnmooglik wat ûntwerp oanbelanget. Wy meitsje dêrom graach in webside hielendal op maat foar jo bedriuw. In webside dy't hielendal oanslút by jo winsken. Yn it ûntwerptrajekt kinne wy ien of meardere ûntwerpen foar jo meitsje.









