Oerstappe
Oerstappe fan in besteande nei in nije webside
Wêr moatte jo op letten? // Hawwe jo al in webside en wolle jo oerstappe nei in nije webside dan is it wichtich dat jo de wearde dy't jo yn sykmasines opboud hawwe behâlde. Meastentiids steane minsken dêr net by stil, mar ek al hawwe jo al in webside dêr't jo miskien net hiel folle oan dogge of dy't ferâldere is, as it domein al jierren draait en jo siden allegear troch Google binne “yndeksearre” dan hawwe jo al wis fynberens opboud. As jo oergeane nei in nije webside en jo dogge hjir neat mei dan giet dit allegear ferlern. Sûnde fansels! Dan moatte jo mei de nije webside wer hielendal opnij begjinne. Dat kin ek oars!
By Moune webdesign út Akkrum kinne jo oerstappe op in nije webside en jo linkwearde behâlde.
Wy soargje derfoar dat jo sichtber bliuwe yn Google
Soargeloas oerstappe // Stappe jo by ús oer op in nije webside dan soargje wy derfoar dat jo earst de side fia in testomjouwing besjen en kontrolearje kinne. Wy soargje derfoar dat de webside dêr hielendal tiptop yn oarder op komt te stean. Pas as jo hielendal tefreden binne, sette wy de webside oer nei de winske domeinnamme. Op dat momint stelle wy ek fuortendaliks alle URL’s goed yn sadat alles - dat troch Google yndeksearre is - nei de nije webside wurdt trochstjoerd. Ek as jo kieze foar in nije domeinnamme is it wichtich dat de besteande links allegear goed wurde trochstjoerd. Wy soargje derfoar dat jo jo linkwearde behâlde kinne.