Webhosting
Om in webside op it ynternet te setten binne der in oantal dingen nedich.
Earst is in adres, in saneamde domeinnamme, needsaaklik. Dêr kinne de besikers dyn side fine. Dêrneist is der romte nedich om de ynformaasje op te setten, dit wurdt webhosting neamd.
Wy beskikke oer in eigen Cloudplatfoarm dêr't wy dyn webside of webwinkel op hostje. Hjirby biede wy ferskate hostingpakketten oan, ôfhinklik fan de kapasiteit dy't dyn webside nedich hat. Ek de lisinsjekosten foar it brûken fan de Moune Manager en de regelmjittige updates en tsjinst binne hjirby ynbegrepen.
Nim foar mear ynformaasje en prizen kontakt mei ús op.









