Privacyferklearring Moune
Privacyferklearring Moune
KvK-nûmer: 53765885
BTW-nûmer: NL851008665B01
Rjochtsfoarm: Fennoatskip Under Firma
Namme: Lemstra V.O.F.
Undernimming: Moune is in hannelsûndernimming fan Lemstra V.O.F.
Besykadres: It Vegelinskampke 2, 8491PD Akkrum
Ynlieding
Moune Reklame en Webdesign (hjirnei: “wy”) ferwurket persoansgegevens fan har klanten, de klanten fan klanten, prospects en oare kontaktpersoanen. Wy dogge dit om ús (potinsjele) klanten sa goed mooglik fan tsjinst te wêzen en de winske wurksumheden út te fieren. Dizze privacyferklearring leit út wêrom, wêrfoar en op hokker wize wy bepaalde persoansgegevens ferwurkje.
As jo nei oanlieding fan ús privacyferklearring kontakt mei ús opnimme wolle, dan kin dat fia ûndersteande kontaktgegevens.
Telefoan: 085-20 10 230
E-mail: info@moune.nl
Oer ús
Moune is in buro foar ûntwikkeling fan websiden (op maat), spesjalisearre yn webshops. Dêrneist jouwe wy foarm oan drukwerk en reklame-uterings.
Dizze privacyferklearring hawwe wy opsteld om dúdlikens te jaan oer al ús ferwurkings, ek wannear't wy tegearre mei oare partijen persoansgegevens ferwurkje.
Omgean mei persoansgegevens
Wy fine it fan grut belang dat der soarchfâldich omgien wurdt mei de persoansgegevens dy't wy sammelje. Persoansgegevens wurde troch ús soarchfâldich ferwurke en befeilige. Dêrby hâlde wy ús oan de privacywetjouwing. Dit hâldt yn dat wy:
- dúdlik fermelde foar hokker doelen wy persoansgegevens ferwurkje. Dat dogge wy fia dizze privacyferklearring;
- jo earst freegje om útdruklike tastimming om jo persoansgegevens te ferwurkjen yn gefallen dêr't jo tastimming foar fereaske is;
- jo rjocht respektearje om jo persoansgegevens op jo oanfraach ta ynsjoch te bieden, te korrigearjen of te ferwiderjen.
- it sammeljen fan persoansgegevens beheine ta allinnich de persoansgegevens dy't nedich binne foar de doelen dêr't se foar ferwurke wurde;
- jo gegevens net trochjaan oan tredde partijen, útsein as dat nedich is om de produkten of tsjinsten te leverjen of wannear't wy dêr wetlik ta ferplichte binne;
- wannear't wy jo gegevens diele, ôfspraken meitsje mei tredde partijen om der û.o. foar te soargjen dat dizze net foar oare doelen brûkt wurde;
- passende befeiligingsmaatregels nimme om jo persoansgegevens te beskermjen en dat ek easkje fan partijen dy't yn opdracht fan ús persoansgegevens ferwurkje;
Gebrûk fan persoansgegevens
By it oanfreegjen fan ynformaasje of in oanfraach fia ús website litte jo bepaalde gegevens by ús efter. Dat kinne persoansgegevens wêze, sa't hjirûnder neamd wurdt. Ofhinklik fan wat jo by ús oanfreegje ferwurkje wy jo gegevens.
Persoansgegevens
Ofhinklik fan de oanfragen en funksjonaliteiten dy't jo op ús website dogge, kinne wy de folgjende persoansgegevens fan jo ferwurkje:
- namme
- bedriuwsgegevens
- e-mailadres
- NAW-gegevens
- telefoannûmer
- ynformaasje dy't jo sels ynfolje yn in iepen fjild, lykas in berjocht yn it kontaktformulier
- ynformaasje dy't jo sels mei ús diele, bygelyks fia in e-mailberjocht of telefoanpetear
- technyske mjitgegevens fan de apparatuer lykas IP-adres, MAC-adres, identifiers yn cookies en jo surfgedrach op ús website
Doelen
Wy ferwurkje boppesteande gegevens foar ien of mear fan de folgjende doelen:
- Kommunikaasje | Om mei jo te kommunisearjen nei oanlieding fan gegevens dy't jo ynfolle hawwe yn in kontaktformulier op ús website. En om mei jo te kommunisearjen troch middel fan it ferstjoeren fan elektroanyske nijsbrieven en/of post
- Website optimalisaasje | Om ús website te ferbetterjen.
- Wetlike ferplichtingen | In diel fan ús ferwurkings is wetlik ferplicht. Dit kin bygelyks wêze foar it foldwaan oan de belestingplicht.
- Klanteadministraasje en tsjinstferliening | Yn ús boekhâlding hâlde wy by wa't ús klanten binne, mei de dêrby hearrende relevante kontaktpersoanen. Fan dizze kontaktpersoanen hâlde wy ferskate persoansgegevens by, sadat wy ús tsjinsten útfiere kinne. Dêrneist brûke wy gegevens foar it ferstjoeren fan offertes, faktueren en/of oerienkomsten en foar it ôfleverjen fan produkten en/of tsjinsten.
Grûnslach fan de ferwurking
Sa't taljochte yn dizze privacyferklearring ferwurkje wy guon persoansgegevens foar it útfieren fan in wetlike plicht, guon foar it útfieren fan in oerienkomst, guon gegevens mei jo tastimming en de measte foar it útfieren fan it rjochtfeardige belang; it útfieren fan ús wurksumheden.
Ferstrikking oan tredden
Wy jouwe de troch jo ynfolle gegevens troch oan tredde partijen, as dat needsaaklik is foar de levering fan de troch jo oanfrege produkten of tsjinsten. Foar de útfiering fan bepaalde wurksumheden skeakelje wy tredden yn. Dit kinne tredde ûntfangers wêze, mar ek subferwurkers. Tink hjirby oan de hosting, de salarisadministraasje, de eksterne betelprovider, Google (Analytics) en e-mailmarketingsysteemoanbieders. Mar ek partijen lykas drukkerijen en postferwurkers.
Hoe geane tredden hjirmei om?
Persoansgegevens wurde allinnich oan tredden ta beskikking steld wannear't dizze gegevens nedich binne foar de tredde partij ta útfiering fan de betreffende tsjinsten. Wannear't wy de persoansgegevens oan in tredde ferstrekke, soargje wy der ûnder oare mei in ferwurkersoerienkomst foar dat de gegevens net foar oare doelen brûkt wurde.
Wetlik ferplicht?
Fierder sille wy de troch jo ferstrekte gegevens net oan oare partijen ferstrekke, útsein as dit wetlik tastien of ferplicht is. In foarbyld hjirfan is dat de plysje yn it ramt fan fraudeûndersyk gegevens by ús opfreegje kin, yn dat gefal binne wy wetlik ferplicht dizze gegevens ôf te jaan.
Profilering en cookies
Wy hâlde algemiene besikersgegevens by fan websitebesikers. Yn dit ramt kinne benammen it IP-adres fan jo kompjûter, it tiidstip fan opfreegjen en gegevens dy't de browser fan in besiker meistjoert, registrearre en brûkt wurde foar statistyske analyses fan besikers- en klikgedrach op de website.
By it sammeljen en kombinearjen fan jo gegevens meitsje wy gebrûk fan cookies. Wolle jo mear witte oer cookies? Lês dan ús cookieferklearring.
Befeiligjen en bewarjen
Wy nimme de nedige befeiligingsmaatregels om misbrûk fan en net-autorisearre tagong ta jo ferstrekte persoansgegevens te foarkommen. Wy soargje derfoar dat allinnich de belutsen persoanen tagong hawwe ta de gegevens en dat de tagong ta de gegevens ôfskerme is foar ûnfoege persoanen.
Jo kinne te alle tiden de gegevens opfreegje, oanpasse of wiskje litte. Útsûndere binne gegevens dy't wy langer bewarje moatte om't de wet ús dit ferplichtet.
Oanmelde foar it ûntfangen fan ús nijsbrief is oant wederopzegging. By elke mail dy't jo ûntfange is de mooglikheid oanjûn om jo út te skriuwen.
Websites fan tredden
Dizze ferklearring is net fan tapassing op websites fan tredden dy't troch middel fan links mei ús website ferbûn binne. Wy kinne nammentlik net garandearje dat keppele websites op in feilige wize mei jo persoansgegevens omgeane. Lês altyd de privacyferklearring fan de oanbelangjende website foar mear ynformaasje oer de wize wêrop't sy mei jo gegevens omgeane.
Minderjierrigen
Jongeren oant en mei 16 jier meie útslutend ûnder tafersjoch fan de âlden of wetlike fertsjintwurdigers gebrûk meitsje fan ús website.
Wizigingen yn dizze privacyferklearring
Wy kinne dizze privacyferklearring fan tiid ta tiid wizigje. De aktuele privacyferklearring wurdt op ús website publisearre. Jo gegevens brûke wy nea sûnder tastimming foar oare doelen. It is oan te rieden om de aktuele privacyferklearring regelmjittich te rieplachtsjen, sadat jo fan wizigingen op de hichte binne.
Ynsjoch, wizigjen of wiskjen fan jo gegevens
As jo klant by ús binne kinne jo oanfreegje om jo gegevens yn te sjen en te wizigjen. Jo kinne ek kontakt mei ús opnimme:
Telefoan: 085-20 10 230
E-mail: info@moune.nl
Besykadres: Moune, It Vegelinskampke 2, 8491 PD Akkrum
Autoriteit Persoansgegevens
Wy dogge der alles oan om jo gegevens sa goed mooglik te beskermjen en biede jo romte om te alle tiden yn te sjen of te wizigjen. Mochten jo net tefreden wêze dan kinne jo terjochte by de Autoriteit Persoansgegevens (AP).
Yn wurking treding
Dizze (fernijde) privacyferklearring is yn wurking trede op 16 maaie 2018