Befeiligje dyn webside mei in SSL-sertifikaat

Mei in SSL-sertifikaat fersiferest it dataferkear fan en nei dyn webside. Dit kinst werkenne oan in grien slotje foar dyn URL, der stiet dan HTTPS ynstee fan HTTP (de S stiet foar Secure), besikers kinne dan sjen dat harren gegevens fersifere binne. HTTPS is tsjintwurdich ferplichte asst formulieren of nijsbriefoanmeldingen fia dyn webside ferstjoerst. Yn it ramt fan de nije wetjouwing Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming (AVG) is befeiliging fan dyn webside ekstra ûnder de oandacht.

Mar ek foar besikers fan dyn webside is it in ekstra teken fan "feiligens". Want men wol wol sjen en keapje by in betroubere partij, in SSL-sertifikaat kin hjir in wichtige bydrage oan leverje.

 

Ek asst gjin persoansgegevens ferwurkest is SSL tsjintwurdich in "must" want fanôf july 2018 sil Google websiden sûnder SSL as ûnfeilich markearje. In SSL-sertifikaat makket dyn webside ek nochris (wat) better fynber. Google sil nammentlik feilige websiden beleanje mei in hegere skoare yn de sykresultaten.

SSL-sertifikaat oanfreegje

Alle bedriuwen dy't by ús in webshop hawwe binne al foarsjoen fan in SSL-sertifikaat. Foar ynformative websiden is dit noch net sa. 

Hast al in webside by ús en wolst dêrfoar graach in SSL-sertifikaat oanfreegje, dan kin dat fansels. Nim kontakt mei ús op en wy soargje dat it gau yn oarder makke wurdt.

 

SSL Sertifikaat oanfreegje

Kontaktformulier

Stel dyn fraach en wy nimme kontakt mei dy op. As jo jo gegevens ynfolje dan moatte jo akkoard gean mei ús Privacyferklearring. 

Sintraal gelegen

 

Us reklameburo is fêstige yn Akkrum op in sfearfolle lokaasje, tichtby Ljouwert en Hearrenfean. Moai sintraal gelegen, midden yn Fryslân. Akkrum leit op koarte reistiid fan Ljouwert en is per trein en auto tige goed te berikken. 

 

Binne jo nijsgjirrich nei ús kantoar en wat wy foar jo betsjutte kinne? 

Nim kontakt op foar de mooglikheden.

Adres en kontakt

 

Moune Reclame & Webdesign

It Vegelinskampke 2

8491 PD Akkrum

 

Telefoan: 085-20 10 230

E-mail: info@moune.nl