AVG

We hawwe der allegear fêst al in protte oer heard en lêzen. Op 25 maaie 2018 is de Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming (AVG) fan krêft wurden. Dat jildt dus ek foar de ferwurking fan persoansgegevens op dyn webside. Do bist sels ferantwurdlik hjirfoar, mar we tinke graach mei dy mei.

 

Webshops en privacyferklearring

Foar in webshop is in privacyferklearring altyd ferplichte. In webshop sammelet yn it bestelproses fansels persoansgegevens. Dat is foar de (nije) privacywetjouwing genôch reden om in privacyferklearring foar webshops te ferplichtsjen.

Gewoane webside

As jo in ‘gewoane’ webside hawwe dan kinne jo op ferskate websiden neilêze wat jo dan wol of net hoege te regeljen yn it ramt fan dizze wet. Kinne minsken har abonnearje op in nijsbrief of kin der in kontaktformulier ynfolle wurde? Ek dan is der al sprake fan gegevens sammelje en moatte jo dus ek al ferskate maatregels treffe.