Persoanlik en regionaal
In lyts team
In persoanlike beneiïng stiet yn ús wurk foarop. Om't wy yn in lyts team wurkje, hawwe jo altyd te krijen mei de persoan dy't ek it wurk foar jo útfiert. Gjin accountmanagers of projektlieders dy't it kontakt lizze en dêrnei de opdracht dellizze moatte by de efterban. Jo hawwe in ûntwerpopdracht dy't jo kwyt kinne by de ûntwerpster en as jo in technyske fraach of opdracht hawwe kinne jo fuortendaliks sparje mei ús techneuten.
Koartsein: binne jo op syk nei in belutsen bedriuw dy't foar jo in grafysk ûntwerp en/of website realisearje kin, nim dan kontakt op mei Moune Foarmjouwing & Webdesign Akkrum.
Sintraal lizzend
Us reklameburo is fêstige yn Akkrum, op 15 minuten riden fan Ljouwert of Hearrenfean, hiel sintraal lizzend yn Fryslân. Ek prima te berikken mei de trein, it stasjon leit op stienwurpsôfstân fan ús kantoar. Fansels is ús wurkgebiet net oan ôfstân bûn, mar wy merke by ús klanten dat in reklameburo yn de regio dochs de foarkar hat.
Bûten de regio? Wenje jo bûten Fryslân dan foarmet dit gjin obstakel en meitsje wy ek graach in ôfspraak! Nei in persoanlike kennismaking by jo of by ús kinne wy yn dizze digitale wrâld ek prima op ôfstân kommunisearje en de winske opdrachten foar jo útfiere.










