TradeMark Office
Let op! Dit binne oplichters
01-02-2019
Wy krigen in telefoantsje fan in klant fan ús dat se benei wiene troch TradeMark Office (telefoan: 020-2170084 en 020-2170083) dy't oanjûnen dat der in domeinregistraasje west hie en dat de bedriuwsgegevens net goed ynfolle wiene. Wy hiene yndie krekt in domein ferhuze, mar dit gie oer in oare, noch net registrearre, domeinnamme.
Ik haw de oanbelangjende partij, TradeMark office, opbelle om út te sykjen hoe't de foarke yn 'e stiel sit. Uteinlik woene se net mei my prate, mar allinnich mei myn klant en hawwe se de ferbining ferbrutsen.
Pas op mei TradeMark Office
Se belje jo op op it momint dat jo in wiziging dogge yn in domeinregistraasje en besykje in oar domein oan jo te ferkeapjen, wierskynlik foar in langere perioade en in soad jild!
Mear ynformaasje: