Online besjen

Besykje de webside: woodnesspizza.nl

 

Ynteressant?

Sprekt ús portfolio jo oan? 

Nim frijbliuwend kontakt op om te sjen wat wy foar jo betsjutte kinne.

 

Kontakt opnimme

WoodNess Pizza

WoodNess Pizza fersoarget pizza's op feesten, eveneminten en festivals. Mei in hiel spesjale oven en in oanbod op maat binne ús pizza's in belibbing op himsels. Mei in passy foar koken, is it meitsjen fan pizza's in echte spesjaliteit. 

 

Webside

Yn de omkriten is WoodNess Pizza yntusken in begryp. Mond-tot-mond reklame is in wichtich reklamemiddel en jout in protte nije opdrachten. Om de spesjaliteit fan WoodNess Pizza yn byld te bringen en de mooglikheid om kontakt op te nimmen of in offerte oan te freegjen hawwe wy in passende webside ûntwikkele. Op basis fan de hússtylkleuren swart, read en grien is de webside in stylfol, passend jasje foar dit prachtige bedriuw.


Pizza online bestelle

Tidens de corona-krisis kin de foodtruck spitigernôch net op festivals en eveneminten stean. Om dochs pizza's te ferkeapjen hat WoodNess Pizza tydlik in fergunning krigen om op fêste dagen en in oantal lokaasjes yn de omkriten te stean. Op dizze dagen kinne pizza's op bestelling ôfhelle wurde. Om dit proses soepel te litten ferrinne en in effisjint baksysteem te hantearjen hawwe wy hjirfoar in spesjale bestelmodule ynset. De pizza's kinne online besteld wurde en ek direkt betelle. Dêrneist kin der in tiidstip keazen wurde wêrop de pizza ôfhelle wurde kin. Oan de behearside fan de webside is in systeem mei digitale aginda keppele en kin it oantal pizza's per tiidstip koördinearre wurde.