Swan Expeditions
Ynteressant?
Sprekt ús portfolio jo oan?
Nim frijbliuwend kontakt op om te sjen wat wy foar jo betsjutte kinne.
Swan Expeditions
Swan Expeditions organisearret bysûndere reizen en ekspedysjes nei fiere bestimmingen. In bysûnder reisburo en grutske eigner fan twa Tall Ships Wylde Swan en Noorderlicht. Ek it Masterskip-programma is keppele oan Swan Expeditions, om't sy de reizen fersoargje op it skip de Wylde Swan. Troch de jierren hinne binne der ferskate foarmen en uterings west fan nammen en logo's fan de skippen en de organisaasje. Yn 2021 is it bedriuw ûnder te ferdielen yn 4 dielen: Swan Expeditions (as de reisorganisator), it skip de Wylde Swan, it skip Noorderlicht en ûnderwiisprogramma Masterskip.
Logo's
De logo's fan de skippen rûnen útinoar. Hjir moast ienheid yn komme; oan ús de opdracht om de 4 eleminten yn 1 line te lûken en werkenber te meitsjen. Ek wie de opdracht om de styl fleksibel en útwreidber te meitsjen. Komt der in nij skip by, dat dizze yn deselde line oanslute kin. It skip is it ûnderdiel wat by alle eleminten weromkomt, en dan wol in Tall Ship. Fan de Wylde Swan en de Noorderlicht wiene al tekeningen / logo's makke, mar dizze wiene te detaillearre. It moast dúdlik wêze dat it om in Tall Ship giet, mar net in spesifyk skip. Dêrom hawwe wy de tekening sterk ferienfâldige. It is noch wol werkenber as Tall Ship, mar it is in oerkoepeljend byld wurden. Dit byld komt werom yn de logo's fan alle 4 eleminten. En om't it algemien is, kin it ek yn de takomst tapast wurde op nije skippen of oare ûnderdielen binnen it bedriuw. Ek de kleuren read en donkerblau komme werom yn alle bedriuwstakken. Dêrneist hawwe wy de logo's yn ferskate foarmen útwurke, sadat se ek goed ta te passen binne op merchandise en oare promoasjedoelen.
It logo foar Swan Expedition en Masterskip hawwe as ekstra byldmerk in "kompas". Dit stiet mear foar de reizen, rjochting en organisaasje fan de reizen.







