Pean bûten
Ynteressant?
Sprekt ús portfolio jo oan?
Nim frijbliuwend kontakt op om te sjen wat wy foar jo betsjutte kinne.
Pean bûten
Seilschool Pean bout 12 lúkse wetterlodges dy't boekt wurde kinne foar in prachtige fakânsje oan it wetter.
Branding
Foar de lansearring fan dit nije projekt binne wy frege om de branding foar dit fakânsjepark op te setten. Wy binne begûn mei it ûntwerpen fan in logo yn styl fan it logo fan de Seilschool (dêr't it njonken boud wurde sil) mei de skaaimerken fan bûtenlibjen en bysûndere natuer. Njonken it logo hawwe wy yn konsept de kleuren, fonts en bylden sketst, hoe't it totaalbyld kwa byld en sfear derút komme moat te sjen. Yn gearwurking mei in oare partij binne der 3D bylden makke fan de lodge en hawwe wy it konsept foar de webside betocht.
Promoasje
Om de wetterlodges ûnder de oandacht te bringen hawwe wy op hiel koarte termyn in earste flyer ûntwikkele dy't minsken alvast op de hichte bringe kin fan dit nije projekt.
Pakketsjes
Foar de klanten hawwe wy in wolkomspakketsje ûntwikkele. Hjiryn sitte in zigzag folder mei in kaart fan de omjouwing, hielendal tekene, mei leuke tips om te dwaan yn de omjouwing. Dêrneist stiet der in persoanlik ferhaal yn fan de meiwurkers. Yn it doaske sit teffens in ynstruksjekaart en wurdt fersegele mei in moai bypassend label.



