Ynteressant?

Sprekt ús portfolio jo oan? 

Nim frijbliuwend kontakt op om te sjen wat wy foar jo betsjutte kinne.

 

Kontakt opnimme

Masterskip en Wylde Swan

Masterskip biedt learlingen út 4 havo en 4/5 vwo in ûnferjitlike libbensûnderfining. Masterskip is in unyk programma rjochte op bètavakken oan board fan de Wylde Swam tidens in reis oer de wrâld. Meifarre mei Masterskip soarget derfoar dat teory taastber wurdt yn de deistige praktyk op see. It Tall Ship de Wylde Swan is it klaslokaal!

De Masterskipreizen fine elk jier tusken oktober en maaie plak. Yn de oerbliuwende moannen fan it jier fart itselde skip - de Wylde Swan - mei yn tall ships races en hawwe se in simmerprogramma rjochting Noard-Europa. Ek kin de Wylde Swan brûkt wurde foar Corporate Hospitality.

 

Promoasje

Foar it Masterskip programma meitsje wy jierliks nije programma-folders en hawwe wy in sponsorboekje ûntwikkele dêr't takomstige learlingen tips út helje kinne om jild byinoar te krijen om mei te gean op in reis. Dêrneist hawwe wy posters, stickers en polsbantsjes ûntwurpen.

Abri

Foar it Masterskip programma ûntwikkelje wy jierliks in abriposter foar op de skoallen. Foar de simmerreizen fan de Wylde Swan meitsje wy ek jierliks in programmafolder. Foar de Corporate Hospitality hawwe wy ek in stylfolle folder makke. 

 

Alle uterings fan Masterskip binne fris, tropysk yn wyt en read. De Wylde Swan hat as basis in donkerblauwe kleur en aksinten yn read yn wyt sadat it dochs byinoar oanslút.