Greidanus Administraasje & Belestingadvys
Online besjen
Besykje de webside: belastingadviseurgreidanus.nl
Ynteressant?
Sprekt ús portfolio jo oan?
Nim frijbliuwend kontakt op om te sjen wat wy foar jo betsjutte kinne.
Greidanus Administraasje & Belestingadvys
Greidanus Administraasje & Belestingadvys is yn 2010 start yn Frjentsjer. It is in fullservice-kantoar mei in soad ekspertize en in persoanlike en betroubere manier fan wurkjen. Se steane foar kwaliteit tsjin foardielige tariven.
Webside
Yn 2020 hawwe wy de "âlde" webside (dy't wy yn 2010/2011 makke hawwe) omset nei in fernijde webside, dy't mear foldocht oan de easken fan dizze tiid. Hjirfoar hawwe wy gebrûk makke fan it Sulver-webpakket. Trochdat de kleurstelling ienfâldich is ôf te stimmen op de hûsstyl hat dizze side in folslein eigen look-and-feel dy't past by Greidanus. De side is responsyf en is kwa technyk ek wer hielendal up-do-date.
Nijsmodule
Greidanus Administraasje & Belestingadvys is oansletten by in oerkoepeljende organisaasje wêrby't se ek tagong hawwe ta lanlike nijsberjochten mei betrekking ta de branche. Troch in keppeling te meitsjen mei dit systeem ymportearje wy de nijsberjochten oersichtlik op de webside. De teksten en foto's wurde automatysk oernommen en deistich bywurke. Sa wurdt de webside elke kear opnij foarsjoen fan ynhâld dy't ynteressant is foar (nije) klanten, sûnder dat se dêr sels wat foar hoege te dwaan. En it genereart ek ynhâld dy't troch Google fûn wurdt en fansels de webside by de tiid hâldt.

