Glazz - in oare blik op glês
Online besjen
Besykje de webside: glazz.nl
Ynteressant?
Sprekt ús portfolio dy oan?
Nim frijbliuwend kontakt op om te sjen wat wy foar dy betsjutte kinne.
Glazz
In oare blik op glês
It merk GLAZZ® is in dochterûndernimming fan Steinfort Glas út Frjentsjer. Glazz ûntwikkelet, produseart en leveret komplete produkten fan glês op maat foar konsuminten en resellers op de saaklike merk.
Pay-off
Foar Glazz hawwe wy yn de opstartfaze de payoff "In oare blik op glês" betocht foar de partikuliere merk. Dizze payoff brûke se no yn al harren kommunikaasje-uterings. Foar de saaklike merk (GlazzPro) is dêrút de payoff "In profesjonele blik op glês" ûntstien.
Maatwurk webshop(s)
De webshop fan Glazz is it meast technysk útwurke (online) projekt yn ús portfolio. In kontinu proses fan ûntwikkeling, ynnovaasje en optimalisaasje. Yn de webshop kinne glêzen produkten kompleet op maat besteld wurde. It ynjaan fan maten, berekkenjen fan prizen en ter plaatse generearjen fan 3D modellen sit allegear yn dizze ferfine webshop. Yntusken wurde ek webshops opset yn oare lannen/talen en kin de saaklike merk ek ienfâldich bestelle, offertes meitsje en hawwe se harren eigen white-label webshop opsje.
Promoasje
Glazz hat in ynterne marketing en grafyske ôfdieling dy't de measte promoasje-uterings sels ûntwikkelje. Foar specials meie wy faak meitinke yn konsept en útfiering. Sa hawwe we foar GlazzPro in flyer en folder makke om mei te jaan tidens de Bouwbeurs. Dêrneist hawwe we fan konsept oant detaillearre útfiering fan de wanden meiwurke oan it standûntwerp foar dizze beurs.
Frachtweinen / bussen
Net ús alledeiske tak fan sport, mar foar Steinfort Glas en Glazz hawwe wy it ûntwerp fan harren frachtweinen mei oanhingers en bussen fan monteurs makke. In moaie opdracht en leuk as je in frachtwein op de wei tsjinkomme mei in eigen ûntwerp!








