Fryske Rjochtshulp
Online besjen
Besykje de webside: frieserechtshulp.nl
Ynteressant?
Sprekt ús portfolio jo oan?
Nim frijbliuwend kontakt op om te sjen wat wy foar jo betsjutte kinne.
De Fryske Rjochtshulp
De Fryske Rjochtshulp is oprjochte yn 2013, it is fuortkaam út it eardere Rjochtshulp Noard Advokaten. Se binne fêstige foar de Blokhuispoarte oer yn Ljouwert. De Fryske Rjochtshulp hâldt him benammen dwaande mei saken fan en tusken partikulieren. Tink oan ûntslachsaken, skiedings, hierkwestjes, problemen mei útkearings en mear. Se kinne elkenien bystean as advokaat, mar yn foarkommende gefallen trede se ek op as mediator. Njonken partikulieren steane se ûndernimmers ek graach by.
Logo
Yn 2013 hawwe wy it logo foar de Fryske Rjochtshulp ûntwikkele. Hjirby binne ek it briefpapier, besitekaartsjes en enveloppen op ôfstimd. Dêrneist hawwe wy it logo ek pleatse litten yn de raambestickering op it pân.
Webside
Yn 2020 hawwe wy de "âlde" webside (dy't wy yn 2013 makke hawwe) omset nei in fernijde webside, dy't mear foldocht oan de easken fan dizze tiid. Hjirfoar hawwe we gebrûk makke fan it Sulver-webpakket. Trochdat de kleurstelling ienfâldich is ôf te stimmen op de hûsstyl hat dizze side in hiel eigen look-and-feel dy't past by de Fryske Rjochtshulp. De side is responsive en is kwa technyk ek wer hielendal up-do-date.

