Ynteressant?

Sprekt ús portfolio jo oan? 

Nim frijbliuwend kontakt op om te sjen wat wy foar jo betsjutte kinne.

 

Kontakt opnimme

Haven en camping Driuwpriuw

Driuwpriuw is in moderne jachthaven mei prachtige camping yn Akkrum. Mei in fantastyske lizzing en romme opset is dit in skitterjend plak om oan te lizzen. De haven beskikt oer in tof haventerras fan restaurant De Koken, dêr't jo hearlik genietsje kinne fan in hapke en drankje. Belangryk spearpunt foar dit moaie bedriuw is de griene, duorsume manier fan wurkjen. 

 

Logo upgrade

De namme fan de haven yn Akkrum wie De Driuwpriuw & Tusken de Marren. It njonkenlizzende fakânsjepark hjit ek "Tusken de Marren", mar stiet los fan de haven. Om dêrom in unike namme en útstrieling te kreëarjen hawwe se besletten om de namme yn 2021 oan te passen nei "Driuwpriuw". In heldere, krêftige namme. It logo hawwe wy op basis fan de nije kleuren fan de webside in upgrade jûn. Yn de basis liket it op it "âlde" logo, mar hat krekt even dy frisse, nije look&feel. 

 

Promotepakket

Foar Driuwpriuw en De Koken hawwe wy in hippe wetterkaart ûntwurpen mei plattegrûn fan de haven en camping. Dêrneist binne der leuke speurtochten foar de bern op de camping. Ek hawwe wy foar de boatferhier in passende searje folders ûntwikkele. De kadobonnen en ansichtkaarten slute ek hielendal oan by de frisse styl.

 

Utfiering

Foar it drukwerk is keazen foar in sa "grien" mooglike manier fan drukken. Foar papier is der keazen foar in uterst miljeufreonlik papiersoart, neamd Paperwise. Dit is makke fan lânbouôffal mei 100% griene enerzjy. It papier hat in ljochtbrune útstrieling mei sichtbere fezels en past dêrom hielendal yn it natuerlike karakter.